It bouboer wêzen hat my altyd skoan foldien
Piter Jelles Post waard op 6 maart 1925 berne te Seisbierrum as twadde soan yn in boerehúshâlding mei sân bern: trije jonges en fjouwer famkes. Hy wennet dêr, ek no’t er 83 jier is, noch altyd tige nei ’t sin yn in hûs njonken de stjelpbuorkerij, dy’t er okkerjiers ferkocht hat oan in biologyske túnker, mei alle lân derby. In goed jier lyn is syn frou – Marieke Westra – ferstoarn, mar yn de prachtige bungalow mei grutte ruten, dy’t oan alle kanten útsjogge op it jirpellân, is har artistike smaak sichtber en taastber oanwêzich, oant oan de kofjekopkes ta.
‘Ik haw yn ’e hûs neat feroare, alles leit of stiet noch op it plak, dêr’t myn frou it dellein of delsetten hat. Wy hawwe tegearre in moai libben hân en twa bern krigen: ús Jelle en ús Jantsje. Jelle wennet yn Amsterdam en Jantsje yn Winaam, dy komt gauris efkes del. Juster hat se hjir noch iten.’
Nei de kofje en alderhanne ferhalen oer de meast útrinnende saken – Piter Post kin prachtich fertelle – komme wy by it ûnderwerp, dêr’t it om giet. Hoe wie it om jirpelboer te wêzen? ‘Fan jongsôf oan bin ik dêryn opgroeid en dat krekt yn ’e tiid fan de kultueromslach yn de tritiger jierren: fan ekerkultuer nei rêgekultuer. Och sa yngripend foar de hiele ûntjouwing yn de lânbou. Us heit hie foar de oarloch sa’n fiifenfjirtich pûnsmiet eigen lân en ferboude op mear as de helte plantjirpels, dy’t oan boeren yn it suden ferkocht waarden. Fan jirpelwurgens hie men doe noch net heard. De Fryske setters wiene oant yn België en Frankryk ferneamd, dat it gie ús heit foar de wyn. Foaral oan de Bintsjes hat er goed fertsjinne. As lyts jonkje hie ’k al geregeld de krûpbroek oan en lei ik mei de grutten op it jirpellân. Dat nei de legere skoalle wie it fanselssprekkend dat ik by ús heit yn ’t wurk kaam. Myn âldste broer, dy’t goed leare koe, siet op de MULO. Ik haw nei de legere lânbouskoalle west, mar dêr haw ik net folle fan opstutsen. Yn dy tiid waard it oarloch en dat hat foar my - in jonge yn it opgroeien - fan grutte ynfloed west yn myn sicht op it libben en de wrâld. Mar yn it buorkjen murken wy der yn it begjin net folle fan. Wy makken hiele lange dagen, moarns fan seizen oant tolven en middeis fan twaën oant seizen. Allinne sneins hiene wy frij.
De drokste tiid fan it jier wie as de lús begûn te fleanen. Om firussyktes foar te wêzen moasten wy dan mei man en macht hiele dagen griendolle en letter loflûke. Tsjintwurdich geane al dy wurksumheden mei masines: it setten, it oanierdzjen, it wjudzjen en ek it jirpelsykjen. Wy diene dat noch mei de hân, mei behelp fan de gripe. Doe’t de jirpellichter útfûn wie, dy’t de grûn ûnder de rêgen losmakke, sochten wy yn bakken. It wie myn taak om dy nei de heap te ferfieren en de lege bakken wer nei it lân te bringen. Us heit seach derop ta dat fan de jirpelbult om samar te sizzen in moaie seedyk boud waard.
Nei de oarloch soe myn âldste broer, dy’t by de N.B.S. siet, mei in stik as tsien oare jonges út it doarp nei Indië ta. Se wiene al yn Fochtelo oan it trainen, doe’t myn broer ôfkeurd waard. “Dan gean ik,” sei ik tsjin ús heit. En dat haw ik dien. Ik siet trije jier as frijwilliger by it Fryske Bataljon. In hiel aventuer, fansels. Mar wy hiene ek serieus it gefoel dat wy it heitelân ferdigenje moasten.
Yn Indië krige ik op in stuit in brief fan ús heit, dêr’t er yn skreau dat er der trettjin pûnsmiet lân byhierd hie. Ik siet yn in hiele oare wrâld, mar sels dêr kaam dat berjocht op my oer as in grut barren. Doe’t ik yn 1948 wer thúskaam, hiene wy sechtich pûnsmiet lân en wie der foar my genôch te dwaan. Ik haw doe twa jier op de lânbou-winterskoalle sitten, dêr’t ik wol in soad leard haw, benammen oer de jirpelteelt. Ien fan de leararen wie de skilder Abe Gerlsma. Dy joech ús technyk en besocht in masine út te finen, dêr’t jo mei loflûke koene. In oare learaar wie Jan Bearn Singelsma, dy’t ús fakultatyf it Frysk bybrocht.
Yn it begjin fan ús trouwen buorken ús heit en ik noch sa’n sân jier tegearre. Doe haw ik it bedriuw fan him oernommen. It bouboer wêzen hat my altyd skoan foldien. Yn de rin fan de tiid haw ik hiel wat fernijings meimakke. No’t ik net alle dagen mear arbeidzje hoech, haw ik mear tiid om te lêzen, dat wie altyd al myn hobby. En ik skriuw myn oantinkens op. Ik bin oan myn tweintichste libbensjier ta. De lêste tiid, doe’t myn frou slim siik wie, kaam ik dêr net mear oer gear. Mar no, in goed jier nei har ferstjerren, sis ik alle dagen tsjin mysels dat ik wer oan it skriuwen moat, want ik haw noch hiel wat te fertellen.
Wat ik sels de lekkerste jirpel fyn? Ik ferbou Doré’s, hjir op in lyts hoekje hiem. Jantsje en ik hawwe juster de earsten iten. Se wiene lekker. Mar as ik jirpels keapje, dan freegje ik altyd om Reade Star. In lekkerder jirpel bestiet der net.’