Alde Maaie

TOLFTE MAAIE

 

It wie wer tolfte Maaie

Elk wie yn rep en roer,

Dy dei binn’ alle jierren

De minsken glêd oerstjoer.

 

Dan moatte der wer safolle

In oare wente ha,

En dy ferhuzerij

Jout drokte fan komsa.

 

De moarns foar dei en foar dage

Wie mannichien al ree,

De drokke dei wie kommen

It húsrie moast fan ’t stee.

 

De tafel, kast en stuollen,

De widze en de bernewein,

De kachels en de bêden,

En kuorren mei porslein.

 

Waard út ’e hûs wei tôge

En op in karre brocht,

En njonkelytsen waard dan

De nije wente opsocht.

 

Wat wie ’t dêr earst ûnwennich,

It wie sa leech en hol,

En wat men deryn sjoude,

Stie allegear oeral.

 

Wat wie ’t in dei fan skreppen,

Elk holp, o, wat in sjou,

In wyfke hie in geitsje,

De bern in skiep oan ’t tou.

 

Motoaren, skippen, boaten

Foeren elk-in-oar foarby,

It húsrie boppe, en ûnder

Dêr wiene skiep en kij.

 

En boerefammen fytsten

Mei pakken guod oan ’t stjoer,

In nacht nei heit en mem ta,

En dan nei in oare boer.

 

Wat jout sa’n dei in drokte,

Elk skrept en skuort syn bêst,

En al dat skreppen seit ús:

Hjir fynt men nea de rêst.

 

Ienkear moatte we allegearre

Ferhúzje ier of let,

Dan moatt’ we ús stee ferlitte,

Want bliuwe kinn’ we net.

 

De Maaie-dei wiist jimmer

Us nei dy Maaie ta

En seit ús, dat w’ op ierde

Gjin bliuwend wenplak ha.

 

En dat wy faaks mei gauwens

Ferlitte it âlde stee.

Wês dêrom, minsken, altyd

Foar dat ferhúzjen ree.

 

O.S. Akkerman, Yn ús Eigen Tael, 1919

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side