Aktiviteiten

Dat wie doe sa

Dat wie doe sa biedt in soad nijsgjirrige ferhalen, fideo's, foto's, muzyk en oare lûdsfragminten fan doe. It materiaal beljochtet it resinte ferline fan alle kanten en jout oanlieding ta reaksjes en ferhalen. ‘Dat wie doe sa’ giet oer ‘doe’ mar is altyd by de tiid. Dat makket Dat wie doe sa nijsgjirrich foar âlderen, har bern, mar ek foar professionals yn de soarch.

 

 

Dat wie doe sa is ûnderdiel fan it projekt Frysk yn 'e soarch. Sjoch foar mear ynformaasje op de website friesindezorg.frl.

Brûk de knop 'filterje resultaten' as jo wat spesifyks sykje, of lit jo ferrasse troch it ûndersteand oersjoch. Hawwe jo weardefolle oanfollings, suggestjes of nije aktiviteiten? Mail se dan nei datwiedoesa@afuk.nl.

Filterje resultaten

Myn hûntsje

Myn hûntsje

Baukje Wytsma

Gedicht: Myn hûntsje - Ik haw in hiel lyts hûntsje / dat hûntsje is fan my. / Rin ik troch de strjitte / dan rint hy njonken my./ Op syn koarte poatsjes / springt er op en del / en sjocht er frjemde manlju / dan wurdt er o sa fel.

Fierder lêze

Tema's: Sjonge en spylje

It Draaioargel

It Draaioargel

Hoatse de Jong - út: Sljucht en rjucht 1937

Gedicht: It Draaioargel - Hark dochs, wat wyske klinkt dêr oer ’e buorren; / Lit ús ris sjen op ’e ein fan ’e streek. / ’t Is wer dy man mei syn oargel op ’t karke, / En mei dat famke, sa tear en sa bleek.

Fierder lêze

Tema's: Sjonge en spylje

Regissearjen is mei de spilers nei it personaazje sykje

Regissearjen is mei de spilers nei it personaazje sykje

Janny Koopmans-van Dam - 1934

Op freedtemiddei hiene wy dan de saneamde bonte middei en dêr hie ik dan gauris de lieding. Dêr is myn ynteresse foar regissearjen miskien wol ûntstien.

Fierder lêze

Tema's: Sjonge en spylje / Beroppen / It libben rûn

Mei stive fingers kinst net mear spylje

Mei stive fingers kinst net mear spylje

Gerrit Noordenbos - 1931

Dêr spile Marten Brouwer, dy’t letter in ferneamd man wurde soe yn de Fryske muzykwrâld, op de akkordeon. Lytse Gerrit stie der mei sân pear earen nei te harkjen. Dat wie muzyk! Sa op de akkordeon spylje, dat woe hy ek!

Fierder lêze

Tema's: Sjonge en spylje / It libben rûn

Typysk Teake (diel 1)

Typysk Teake (diel 1)

Omrop Fryslân

In rige fan 2 programma's oer Teake van der Meer en syn typkes as Lytse Teake.

Fierder lêze

Tema's: Deistich libben / Sjonge en spylje

Typysk Teake (diel 2)

Typysk Teake (diel 2)

Omrop Fryslân

In rige fan 2 programma's oer Teake van der Meer en syn typkes as Lytse Teake.

Fierder lêze

Tema's: Deistich libben / Sjonge en spylje

Sechtich jier sjonge by Mingd Koar Grou

Sechtich jier sjonge by Mingd Koar Grou

Stien Kleinhuis-van der Vlugt - 1934

‘Us hiele famylje wie by it Mingd Koar’, fertelt frou Kleinhuis, dy’t yn Grou hikke en tein is en dêr noch altyd wennet, op in prachtich plakje oan it Prinses Margrietkanaal.

Fierder lêze

Tema's: Sjonge en spylje

Wa is wa?

Wa is wa?

It Wa is wa? spultsje komt út it seisde diel fan de rige Dat wie doe sa, Sjonge & Spylje. Witte jo noch wa't elkenien fan de toanielspilers, foardragers en sjongers is dy't eartiids op 'e planken stiene?

Fierder lêze

Tema's: Sjonge en spylje / Feest en feestdagen

Diel dizze side